Title: Nachten en dagen
Author: Douwe Kalma
Release date: January 5, 2025 [eBook #75044]
Language: Frisian
Original publication: Grouw: Van der Spoel en Co, 1915
For Dr. J.B. Schepers.
Myn frjeonen fen it Friezne folts, de stamme
Dy’t groeit en bloeit en delsiicht jimmeroan
Mei rike rom, hwaens wiid-forneamde namme
Is lyk in roas, prieljend yn sinnemoarn,
Towile ljacht yn loft, fen fjûr oerflamme,
Twinkeljend riist, fen rouswart net bidoarn,
It folts dat strange stoerens flink biwarre
En nea syn machtge moed net skriljend sparre—
Nou harkje nei myn tael, dy’t tsjustre tinzen
Omtovert yn in swide simmersein’,
Forhellet fen in lokkich lot dat jinsen
Troch Walhals wrâld ús wenten waerd talein,
Frijmeitsjend tel fen ’t ûnwit, dat fêst finsen
Hie ’t froede folts, troch twivel skriklik slein:
Det heech wy hâlde hwet de goaden retten
Ta lok for ’t lân, dat hage oan hjar herte.
Myn wirden, wêze as streakjende streamen
Warber hjar winend troch it lege lân,
Lûd-laitsjend tsjin de blomt-biboerde seamen
Heech-krêftich strûzend nei it sin’ge strân—
Wol wittend det hja nomle nammen neame, en
Wêze as de krêft fen Fryske frjeonehân,
Dy’t fieling wytget heech fen macht en trouwe
Det út ús hert stil weislûpt doffe rouwe.
Dû den, Forseti, God by hwa de wetten
Biwarre binne dy’t lân hâlde yn stân,
Wittend troch ’t wird fen dy lang to biletten
Det ûnksfloed bluistrich brûst oer ’t laeitsjend lân,
O meitsje det myn machtleas wird oergetten
Fen goud flûnkert as sêfte stjerrebrân
Op winterjoune as ’t klearloftich ripet
En moanne myld de kâlde wrâld bikipet.
O ho is dit, det mei skier skaed oerditsen
Yn nearzge nacht de Friezen soargjend gean,
Det wize witnis yn twivel tobritsen
Kwynt, riedleas-stil de heechste haden stean,
En moaije marren drôgje yn flues bilitsen
En rûzich-rizend rjeauntsje yn rouwe-tean?
Hwet is wol bard det leech delsloech de lânnen,
Forrie? Forbrekken fen heech-hil’ge bânnen?
Allyk in blom, dy’t nei narjende nachten
Einlings hjar prûze pronk út fâlden teart,
Lykwol troch wylde wolkenkloftne klachten
Hjar wifsin wachtsjen wer op waermte leart,
Sa scille dos wiidút wâljende slachten
Hwaens machtstream, teamleas, nearne en nea waerd keard,
Forjitte moed to teanen op hjar fjilden,
Dy’t faek al, warrich, warbre striders tilden?
Yn wite wéklean weinje wide mieden
Wyls ’t lege loft trurich hjar triennen skriemt
Oerstjelpe fen lijen om lytse dieden.—
De griene groun wirdt modder-smoarch togriemd
Allyk yn ’t skiere, skrouske skimerskieden
In joune yn hjerst, mei leedwyt nea útfiemd.
De lânnen swije yn lijen om hjar soannen
Dy’t preauwen wrange drank út boasheitsboarnen.
Toskromfle stjert it blomt, dat boartlik bloeide
Yn jonkheits minlik-mylde, fleurge tier.
Sis, hwer is ’t djier, dat oars sa dwyldrok djoeide
Biglânzge troch seinjende sinneswier?
It libben wiis my, dat op grounen groeide
Oerwiuwd fen nôt dat nige hein en fier
Hwennear de wyn striek oer de swiere ieren,
Ta nocht fen alle ljue, dy’t sjênde wieren.
Allyk natûre trúrt om ’t ljachtforskieden
Ofskodzjend al hjar skat fen laits en lok,
En ’t grize waes saeit oer de tierge mieden
Mids einleas teamleas streamend reingeklok,
Towile omhegens yn blinkend útblieden
Weikwynt it lêste ljacht, suchtsjend yn flok,
Sa ek dit lege lân, dat doelleas lôket
Ho’t langjend ûnk syn libbensbeam biplôket.
Nou fielt it folts, det Frigga’s sêfte seine
It wyld-oanwâljend kwea net keare koe.
Net weef’t hja mear de wolkens, goud-ynleine,
Wytgjend it lân det ’t yn hjar hoede stoe,
Mar einleas reint en heilt it yn bisleine
Lânsdouwen eft it ljacht net ljeavje woe
Hwet hjir oan mylde moaijens súntsjes slomme,
Allyk in boi, as drôve dreamen komme.
Ho is den dit, det mei skier skaed oerditsen
Yn njoere nacht de Friezen soargjend gean,
Hjar moaije marren drôgje yn flues bilitsen
En rûzich-rizend rjeauntsje yn rouwetean?
In wrede wrigge hat nei ’t folkshert stitsen,
Jimmer scil ’t lân nou stean yn klachtenklean...
Myn wirden wjokje sêft mei glâns omhegens,
Forheljend fen hwet daette d’ âlde dregens.
Allyk in mar mei tins fen tank ûntweitsjend
—Hwent myld streamt moarntiidssinne glêdde gloed
Del op de weagen, dy loksil’gens smeitsjend
Net mear de bounsnoat binne fen it tsjoed,
Myld-widzjend eigen krêft sa klear bilaitsjend
As wier nei ’t winewoeljen ’t ljachtfeest hjoed—
Sa libbe lang it folts yn frjeonskipstrouwe,
Towile it steunde op ’t goed, dat goaden jowe.
Allyk dy stil oerwyndre warbre weagen
Njuentsjend weistreame yn widzeklang en sang
Fen lústrjend leafreid,—hwêr’t se hinne teagen,
Dat wit allinne sinne’ twinkel-twang—
Sa waerden slachten dy’t ringen forfleagen
Wei yn it blau, neiljuentsjend lang en lang,
Mar ljeafde en rêst wier ’t libben: fier fendinne
Bleau blynjend ûnk troch Frigga’s machtge minne.
Yn hûs wier ’t heit dy t ynsjochsklear en kliuwend
Oan witnis jimmerwer syn oarders jowch,
Fêst-rêstich neikomd en fen wearde bliuwend;
Al ’t dwaen wier krêft en krektens, nea net rûch,
Mar bûten yn it libben, steatlik driuwend
As hwer’t op ’t skip de wyn de seilen sloech
Dêr wierne wet noch strangens net fen neden,
Hwent ûnbidoarn en suver wiern’ de seden.
Wier ’t net fen ’t folts de bernetiid, de gouden,
Yet ûnbekliemd troch boasheits ûnkswier swart
De dagen, do’t de Friezen fêst fortrouwden
Det by in stoere stamme leed net bart?
Hja gyngen op fjilden dy’t nea net rouwden,
Dêr’t ninter stoun ’t forkearde fet op hat,
Towile blommen bloeiden foar hjar fiet en
It klearlûd fûgelt song syn golle lieten.
Do spoun ek Frigga wolkens, ryk oan rânnen
Weve mei poarperrea en sêft goudgiel,
Slingere wiid as lange ljeafde-bânnen
Oer blinkend-blauwe sé, sadet oer hiel
It stimmige lân en oer minlike strânnen
Gerdinen wiuwden fen side en forwiel,
Hwent hja hie núvre nocht oan blide ljuwe,
Dy’t stoer en sterk as bern dochs bloeijend bliuwe.
Sa wier ’t alear.—Do kaem de god, dy’t jimmer
Slij silligens siket yn wrange smert
Fen alles hwet slomjend yn sêfte simmer
De goaden nei leit oan ’t hillige hert.
Hy is fen tierge fleur in wreed bidimmer
Hwent neat him sa as libbens-lôge let;
Glêd gliidt in glimke om syn mûle hinne
Sûnder de blierens fen der Asen sinne.
Allyk de spin forsichtich riicht syn reagen
Moarns silver-laitsjend mei hwet dauwe ynlein,
Triennen dy ’t trúrwyt streamden út nachts eagen
Yn taeije tried sa ljeaflik-troaikjend lein,
Det miggen, ljeavjend dy wiuwende weagen
Ringen sin-wif dêr woelich binn’ ynflein,
Sa lôket Loki glimkjend ek, ho’t minsken
Tel finzen binne yn ûnfoldwaenbre winsken.
Do’t dizze den yn ’t wide Walhal wenne,
Wier hwet er die allinne skimp en spot.
Do’t er lykwol yn skiere wrâld’ne herne
Bûgend en dildzjend ’t wrede wroegerslot
Meitôgje moast, stie sûnt hwet ea waerd berne
Machtleas tsjin wrek fen dizze wylde God:
Oer hiel de ierde brânden lytse dieden,
De lânnen rekken ringen oan ’t forblieden.
Hwet wier de wyn, dy’t oer de wâlden waeide
Oars as syn amme yn ’t tsjokke tsjuster blij,
Towile er wirden oer de fjilden saeide
Oanfiterjend ta dieden, njoer en nij?
Hwent hwet sa flaeirich-sêft de minske omaeide,
Dat brocht forrie en tsjoede tsjeaverij.
Allyk fenynge wyn út sân’ge lânnen
Dy’t laitsjend libben daet op fruchtbre strânnen.
Der goadne krune wier al griis en tsjûge
Ho’t krêft wiek út hjar lyn’ge lidden wei,
En ’t wier as rêst hjar rjeauntsjend-wiuwend noege.
Wyls ’t einge waerd hjar lange libbensdei.—
Hwennear de Nornen wytgjend sprieken, bûgde
Odin syn holle djip en harke en swei....
Moedleas wier ’r wirden fen ’t ôfmêdzjend witten
Det de foarsizzing kaem om ûnk t’ ûnthjitten.
Baldur, de simmerseine yn fjûr fortige
Brocht oer Walhalla swiere triennenrein;
Hy, blier en sêft allyk de simmersigen
Mei jimmer glimkjen troch it libben tein,
Wier útbloeid as de blom, dy’t reinswier niigde
De hege holle as kaem it wêzensein,
En drôfnis doarme en stoarme oer Walhal wylder,
En swarte wolkenwrâld al soeler sylde er.
Mar yn hjar moed bleau myld de ljeafde ljachtsjen,
Dy’t Frigga fêst oan frije foltsen boun.
Warber scoe hja wêze tsjin ’t wiffe wachtsjen
Sa lang hjar hân de fearrenwolkens spoun
Yn foarse striid tsjin ’t nearsich-narjend nachtsjen
Dat drinsje woe ’t ûnwiten-wiid wrâldsroun.
Sa waerd it ûnk lang keard fen Fryslâns fjilden
Dy’t, seineswier, de rykste tier yet tilden.
Mar einlings Loki woun. Hwent yn it herte
Der Fryske stamme wier de habsucht komd
Dy fen de wiidste grinzen net waerd bet en
Nea jowch oan rêstige blidens de romt’.
En yn it moed fen Frigga wâlle smerte,
Skôgjend ho’t rou fortrape waerd hjar blomt;
Hja wist, sa kaem de lang forwachte ûre
Det Walhals wûnder foel, ’t ûnbûchsum-stoere.
Lykwol sa wier it troch de Nornen net bisletten
Det Fryslân kwine scoe yn dize, sûnder rom.
Allyk in swan, mei blankens swiid oergetten
Drôgjend syn wei troch ’t stille wiet rounswom,
Den wiid útslacht syn wjokken, as opsletten
Hy sjocht syn liif yn tichte wetterkom,
Sa stie de stamme ek op do’t eang hja seagen
Ho’t lange leedzjeweagen nei hjar teagen.
Yn bloed-streamende striid waerd fjûrich fochten;
Leech lei de loft oer lânnen, swier fen rein.
Omdôchs hwennear de Friezen frede sochten,
Hwent jimmerwer waerd oarloch hjar talein;
Ho’t d’ âlden, heech fen wizens, soargjend tochten
Oan Frigga’s nea net weeg’re, gouden sein,
De goare mist bleau griizjend oer de lânnen,
Net boarte mear Hjar laeits oan wolkenrânnen.
Sa kaem it wol, det mei skier skaed oerditsen
Yn nearzge nacht de Friezen noedfol gean,
Hjar moaije marren drôgje yn flues bilitsen
En rûzich-rizend rjeauntsje yn rouwetean,
Wyls ’t wize witnis, yn twivel tobritsen
Kwynt, riedleas-stil de heechste haden stean,
Hwent Loki wier ’t dy’t leech delsloech de lânnen
En laitsjend oanstiek lôgjende oarlochsbrânnen.
Lyk op in dizige dei de wiuwende driuwende wolkens
Moedleas skrieme hjar mist, ynweevjend de skiere lânsdouwen,
Wittend fen wille noch rêst—de weiden, weakjende, suchtsje
As wer in triennengjalp oppatst yn de kweazige fjilden,
Spat en sputtert en spielt fierwei de fleur fen de finnen—
Sa ek, d’ eagen foardel, fortrapen de machtige kloften
’t Tierige grien en it blomt dat lake op it lân fen Wâldherne.
Lyk as op simmerske joun de legere loften trochgounze
Wirde fen ’t dounsjend gûd, det sterk útspannend syn wjokjes
’t Loftrom brommen docht—de sinne dûkt del yn it Westen
Seinjend mei skiedende laits de pronk fen de romme lânsdouwen;
Swier ammet d’ ierde den út, de siken stjûrende stadich
Fierder yn ljachtsjende loft, yet stil neiglimkjend fen weelde—
Sa ek dindre de groun en trille fen droanjende foetstap
Do ’t de Friezen dêr drok omrounen oer ’t âlde Wâldherne.
En lyk it lûkt yn ’e loft, in hjerstjoun skimerbiljachte,
—Glimkjend slommet it fjild, en stjerte flikkert en twinkelt
Wytgjend fen winter en tiid det it wetter tostjurret en boun wirdt;
Roppende goezzen yn ’t romme dy krite sa skril troch de stiltme
Det Natûre hjar nacht biwoellet yn earnstiger swijen;
’t Wjokkenwynderjen siicht yette nei mei lústrjend gesûzel—
Sa dreau gounzjend omhegens forskaet fen stimmen en lûden,
Jimmeroan kliuwend oant wer oereinriist ’t wûnder fen Walhal.
Hwer ’t wiid-widzjend de bosk syn grienswart driigjende wjokken
Ynkoart’, littend it ljacht mei laits op de freedsume fjilden,
Wylst ek de Middelsé mei steatlike stiltme dêr streamend
Rêstich in rûsliet sjongt en stadich syn seame omheech tilt,
Heal-moannefoarmich útspraet bitwiske de bosk mei syn wjokken
En sêft-rjeauntsjende sé, wier it plak for de plachtsjende lânsdei.
Hwer’t yet wiuwde it wâld, smûk risseljend tûken en twigen
Lyk in gerdyn forwegend as winen dêr bernlik op boartsje,
Stie al wachtsjend de sit for him dy’t it rykst wier oan witnis.
Noegjend riisde er oerein, in stipe for ’t each fen de Friezen,
Lang yn twivel oer ’t lok en de takomst fen ’t hillige heit’lân.
Lyk as in skip by nacht yn tsjoenende tsjusternis silend
Lyts by de romte fen ’t wiet en lyts tsjin de krêft fen ’e stoarmen,
Langjend en eangjend aloan rounstoarret nei wytgjend geflûnker,
Twinkeljend skynsel yn ’t blau, dat hoedet de weagenbiwâlder—
Einlings skoert den it swirk: it stjerrefjild wiist wer de wegen;
Tankjend ropt men in lûd oan Natûr for de nachtlike stipe—
Sa waerd rom ek it moed fen hjar, dy’t doarmen en twiivlen.
Wier ek lêstich it paed, det liedend út ’t fierste fen Fryslân
D’ âlden opgean die nei hwer’t de steatlike lânsdei
Jierliks hâlden waerd, dochs wierne hja allegear kommen
Hwa’t der soargen for ’t folts, det wif as in flinter net neitinkt;
Wiis wier hjar wollen en winskjen: hja tsjinnen it lok fen hjar lânnen.
Fierwei wierne hja komd, de harkers yn ’t hege Wâldherne:
Wiid yn it roun wier forneamd de wizens fen Holder, hjar haedman.
Krêftige wirden fen ynsjoch, bisibb’ oan de witnis fen Walhal
Rûsden der myld út syn mûle, allyk op sânnige hichten
Ljeaflike wjittringen súntsjes as wûnders fen silver, trochskinend
Streame yn glidende fal, de toarst der warrigen dwestjend.
Ald fen jierren al wier hy en griis; him seagen de âlders
Fen it tsjinwirdige laech yn foarsit by ’t hillige lânsrjocht,
Dizze hjar heiten hiene fornomd ho’t moedich en treflik
Hy in oertsjûgjend wird faek útre yn ’e plachtsjende gearkomst,
Waerd der spritsen in rie, dy’t net dijde ta lok fen it heit’lân.
Nou wier wyt syn hier, forheljend fen ’t fiere forline,
Lykwol libbe yet yn him forstânnich-biskôgjende neitins,
Faken útstrieljend yn ’t each, det jimmer it glânzgjen biwarre.
Earnst hie sûnt lang mei hjar wjokken biwyndre it nommele antlit
Dat to bergjen wist hwet omgyng djip yn it herte;
’t Glimkjen wier him forleard, nei folle ûnderfining en soargen
Nou sjênd ho’t yn ’t lân de krêftige gloede forlern gyng,
Om’t yn kloften fen tweintich de Friezen ôfswarden hjar goaden,
Hjar forkeapjend for ginst oan de leare, dy’t doelleas en bjuster
’t Fijânnen-haetsjen forbea, mar frjeonen de ljeafde ûntkearde,
Sa oer hjar bringend de flok fen Walhal, det ninter forjowt oan
Soannen dy’t wif fen bitinken, hjar siele oan frjemdsin forkwânslen.
Hwa den wierne der fierder, mei wiisheit en witnisse seine?
Heech út it nearzige Noard, hwer ’t weagenryk strûst tsjin ’e strânnen
Krôljende blommen fen skom rynsk blazend op lege lânsdouwen
—Lyk as in hynsder, det wyld de winen en twirren foarbyfljocht
’t Hymjend swit-spegelich boarst bislantert mei flokkerich brûsskom—
Kaem hwa’t sjongend en ljeavjend it libben ta roazelean makke,
Wolsin waerd hy neamd; nea koene de Friezen him oansjên
Sûnder to langjen det hy hjar jaen scoe de laits fen syn eagen.
Dochs net wier hy as hwa to fij fen it tsjuster op ierde
Dat net loaitse wolle, net wije hjar oandacht oan ’t tsjoede,
Om’t it hjarren fortret it skaed to skôgjen by sin’ljacht:
Soargjend wist hy hwet swak wier by him allyk by syn lânsljue.
Fierders hwer ljeavjend en ljuentsjend de Boarne mei silveren weagen
Streamt oant hwer de sé mei langjende ljeafde him opnimt
—Heech dêr riisden de beammen en tichte as skouder oan skouder
Kearden hja strús de strielen, dy’t patsje woenen de grounen
Mossich en wiet fen ’t drippen út trurende tûken en twigen—
Wenne hwa leaude forfêst, det Fenris de goaden forslein hie,
Njoereach neamd mei rjocht: net noegjend wierne syn eagen,
Ninter stoun hie blidens him treastge yn tsjustere dagen,
Soarchsum seach syn siele it wiuwende waes fen de takomst:
’t Lok fen it lân wier syn wyt; sa kaem hy den ek op Wâldherne.—
Wierne ek nea syn tinzen oan frjeonskip tawijd ef ljeafde.
Lykwol rêstten mylder, as winsken, op Wolsin syn eagen,
Waerd yn syn wird ek net klear, det dizze him ljeaf wier en wolkom.
Den hwer sân en strân en beammen nou minlik bisiikje
Hiel de krite to kroanen as ’t prûsste plakje fen Fryslân
—Gaest’lân neame it de minsken, en tinke oan bosken en blommen—
Wier opwoechsen de man dy’t allinkendewei yn syn dagen
Leard hie by al hwet der barde, eft ’t kaem fen Walhal ef Hela
Suver to sjên hwet wol troch ivige wet dêrút foartkaem.
Seiner neamde men him, om’t syn frjeonen by al hwet hy rette
Wolfearts minlike seine ûntfongen op winende wegen;
Nimmen wier machtich as hy yn tinzen en stypjende dieden,
Hwent hy forstie de sangen der marren, it lústrjen yn ’t beamte.
Mei hjar kamen mistreastich de folgjende kloften der lânsljue;
Doelleas trapen hja roun, towile yn hjar herte de tinzen
Inkeld beaën om bloei for d’ ienris swide lânsdouwen,
Nou weikwinend yn wé om ûnmacht en skandlike leffens.
Net by machte lykwol yn wâljende wirden to útrjen
Hwet hjar ûnrêstich makke, de hillichste tinzen forswolgjend,
Seagen hja langjend út nei spreuken fen liedende wizens,
Fêst op hjar haden bitrouwend, ienriedich fen wyt en fen wollen.
Einlings siichde in stiltme der del: for ’t each fen de Friezen
Holder stadich gyng nei hwer’t de rjochtssit al wachte;
Siikjend seach er yn ’t roun; do bigoun er de treftige wirden:
„Frigga, wolkenspinster, dy’t wekket oer lege lânsdouwen
Lyts is ús macht en ús krêft by it hege biwâld fen de goaden.
Dochs wol tsjûgje de stamme det yn ús wennet bigearte
Alles to dwaen hwet goed is en ljeaf oan it herte fen Walhal.
Hwent hwet wierne wy wol as, sjênde hwet tsjoed is en tsjuster
Yet it ús wyt net wier, to striden for lokkiger dagen?
Swier en griis leit lege loft, ynwoeljend it sin’ljacht,
’t Rouklaed for dyn lân, dat sjocht ho’t Loki oerwoun hat
Hwet yn moedige striid op machtiger stipe bitrouwde.
O Dû, goadinne dy’t eren as teiken fen ginsten en ljeafde
Wevest in wolken fen goud, sei, wier it forkeard fen dyn soannen
As hja tankjend en trou, fen Dy forwachten de seine?
Jierren gyngen wy rêstich en rommen de pronk fen it heitlân,
Wittend det it ús wiisde ’t ûnthjit der ûnstjerlike goaden.
Dû waerdst tankber foreare: de stamme minde dy mear yet
As de fruchtbere Freya, de moaije en minlike Iduna.
Lyk as mûtel-sliepend in bern swiet glimket as wist it
Ho’t der in mem for him soarget—hja sêft mei it lok fen hjar eagen
Streaket it ljeaflike antlit, sa lake ek it folts yn syn jonkheit,
Hwent it wist him feilich en earde de greate goadinne.
Noutiids binne forlitten de lânnen troch sounens en wolstân;
Unrêst polsket en jaget aloan de warrige winskers
Foart yn strymjende striid, oant it libben him skaet fen it lichem.
Twadracht spjaltet de stamme, al driigje der slimme gefaren:
Binnen de grins fen it lân stean kloften krêftige striders,
Stadich stjert it gewaechs, towile brinzgjende buijen
Keile hjar lêst op it lân, mei syktme slaend de biwenners.
Mannich ljachtkring skôgje wy dat: al lang hat de sinne
Lyts de striid oerjown, mei bleke dagen ús pleagjend.
Frigga, is ek dyn macht to swak to damjen dizz’ ûnkstream,
Jow ús dochs dyn seine, wol stypje dyn siikjende soannen:
Ninter stoun kwynt wei, hwet ljeaf is it herte der goaden.
Frigga, wolkenspinster, Dû heechste en swiidste Asinne,
Odin, wûndere witter, en Freya dy’t seinet mei frjeonskip,
Loaitse mei ginstich each nou del op de freegjende gearkomst,
Jowe dochs wizens en witnis, hwa’t plachtsje, it bêste bitinsend.”
Stadich skoerden de wolkens dêr’t winen warber yn waeiden
Mannichfâld yn flarden fen ranend-weiwirdend weefsel.
Toarstich sûgde de sinne do op hwet yette hjar hind’re;
Blau waerd de himel en rom, hwent Odins ljachtsjende loaitsen
Blikkren en flikkren en strielen wer seine oer ’t widzjend Wâldherne.
Tankber lôken de Friezen nei ’t lôgjende teiken fen ljeafde,
Somlike seine do sa, oansjênde hjar bûrman ef geanoat:
„Loaits! Wol hearde dos Frigga ús noegjende fragen en winsken
Ginstich liket hjar wille, hja laket sa swiid oer de lânnen!”
Dêrop, d’ eagen yn fjûr, spriek Njoereach wytgjende wirden:
„Lânsljue, harkje, jim’ earmen oan moed en machtige dieden!
Net mear scille de Friezen it lok fen hjar lânnen biglimkje,
Hwent foarby is de tiid, do’t moed hjir tige ta achting.
Is net de bloei fen it blomt ek boun oan tiid en forganklik?
Skoftkes skoddet syn pronk, den wirdt it neitinsleas fortrape,
En it forwilet wiuwend en wachtsjend de stoune fen stjerren.
Wei ek waerden ús goaden, fordwoun yn ’e brân dy’t forneatge
Alle de sillige sealen, it wûndere sieraed fen Walhal;
’t Djoeijen fen Baldur is dien, opriisd yn lôge fen langstme,
Hearsker dêrnei waerd de wolf, dy ’t ieuwen al wachtte op ’e ûre
Dy’t him jaen scoe biwâld en macht om syn frjeonen to stypjen.
Dit den is wis syn wyt, det ús it troaikjende teiken
Wer de kreften binimt to striden tsjin ûnwit en tsjoedens,
Tinkend, ûnwiten-sot: Fêst helpt ús de seine fen Frigga!
Wêze der dochs op fortocht det yn de noegjendste blommen
Stiket it skriklikst fenyn en skûlet de slomme der deaden!”
Twirjende twivel omwyndre de Friezen: hja hienen al faken
Dea sjoen in hillige hope—scoe nou den ljuentsje de loksang?
Mar mei feart opsteand spriek krêftich de moanjende Holder:
„Njoereach, ûnkenneamer, foarsizzer fen alles hwet tsjoed is,
Swijen liz ik dy op, dou soan fen skaedzjende bosken.
Yet yn wêzen is hja, dy’t rêddende paden ús wiisde,
Wierne wy swak en mismoedich en twivelen bang oan hjar dieden.
Jong yet bistû by my, dy’t machtige slachten forgean seach,
Jong is dyn wizens by mines, dy’t faek troch hegere stipe
Seach hwet goed is en laet ta lok fen it hillige heitlân.
Sa den, harkje nei my: slaen acht op myn treftige wirden:
Frigga jowt yette de krêft to deijen it ûnk en syn oarsprong.”
Stúnjend skôge de oar nei ’t folts yn de swijende gearkomst,
Nimmen riisde oerein, him stypjend mei wirden ef teikens:
Jimmer wierne hja wend to folgjen de liedende lânsman.
Do’t den rêste wer wier, it lústerjen kwynde ta swijen,
Spriek wer Holder forfetsjend yn soarch de noedlike wirden:
„Ljuwe, dy’t harren kamen to plachtsjen for ’t freegjende Fryslân!
Allegear witte wy wol, det wei is de fleur fen ús fjilden,
Eangstme oermastert it herte, as faek wy loaitse ho’t blommen
Frjemd oan de ljeafde fen it folts, de kiemen fen ’t tsjoede bifetsjend
Hjir opbloeije allyk de kleurige stoellen der nachten.
Wolle den siikje nei middels, yn steat oermachtich to kearen
Hwet der woeljend wâllet út saden fen d’ ivige ôfgroun.
Sizze den elts syn sin, allyk ’t him liket it bêste:
Hifkjend scille wy sjên hwet ryk is oan wizens en bjuster.”
Oant oan it blau fen ’e himel wer pronken de wolkens fen Frigga,
Poarper- en goud-ynlein, mei bloed fen de sinne biljachte,
Waerd yn Wâldherne oerwoegen: men hope det einlings de stoune
Lake, det goaden en minsken ien wierne fen wyt en bisiikjen.
Tal fen plannen biharken dy deis de steatlike weagen,
Jimmer waerd lykwol de freegjende foarslach weromnomd.
Mar do’t de sinne wer sonk, bilaitsjend it leechst fen ’e kimen
Klonk der in riedend wird út Wolsins lokkige lippen:
„Folle bilibbe ik yet net, en dêrom loaitse net lilts as
Sims myn wirden net wierne sa klear en witnis-oerglânzge.
Faken, do’t ik stie by libbens bloeijende poarte
Hearde ik de stimme fen heit, forheljend fen machtige stammen
Dy’t fier wenje, hwer brekt it wiet by de roppende rotsen.
Friezen hiene hja west, dizz’ ich fen d’ âljende Noardsé
Hie hjar wenten ris tild, mar hûnger wier kommen en ûnrêst—
Fier den farken hja foart en sochten om bettere strânnen.
Wol is sûnt dy dagen de wrâld fen antlit foroare!
Wei is de wille fen Fryslân, mar hwer’t de swalkers nou wenje
Blikkert de fleur yen tomjitte en wolfeart widzet de lânnen:
Albion neamde men dy om it blinken der rûzige rotsen.
Fêst en iendrachtich is ’t folts, bistjûrd troch in krêftige kening,
Net om rykdom allinne biromme ta fier oer de weagen
Wêze dit lân ús ta ljacht en litte wy freegje ta bounsnoat
Hwa’t as hearskers gean oan Noardsé’s westlike strânnen:
Machtich bin’ hja en from, hja witte de fijân t’ oerwinnen,
Scille mei wizens it wé forslaen, dat ús heitlân oermastert.”
Net oan Njoereach hage lykwol de treflike foarslach:
„Wolsin, lef is dyn rie, al wirdt er ringen ek oernomd
Fen hwa’t jimmer bitocht op makliker libbenswei binne.
Krêftich wol ik my warre tsjin dizze fornimstige wirden:
Wit, my wêrzget it smeekjen om stipe by foltsen yn ’t frjemde,
Ommers hja binne meast út op eigen forriking en foardiel.
Grif scille hja hjir komd, ús mieden as eindom biskôgje,
Hja, dy forlieten dit lân om minliker wenplak to siikjen!
Hearskers wirde dyn frjeonen den tel, en nea scil de lieding
Oer ús âlde lânsdou wer komme yn ’e hannen der Friezen.”
Langjend seach do it folts wer út nei Holder syn rieslach:
Hja wierne sels net yn steat to sjên hwet bêst wier en wirdichst.
Lang siet hy dêr swijend, birisle troch sigend gewynder
Fen djip-bûgende twigen, biharkjend it sûzjen yn ’t beamte,
Hjarkjend nei ’t lústerjend liet fen sjongsum-rûzjende weagen,
Dy’t sêft glieden oer ’t djip, bispielend en streakjend Wâldherne.
Lang siet hy dêr swijend, do riisde hy steatlik omhegens,
Sizzend in wytgjend wird—fier klonk syn rêstige stimme:
„Foltsen, harkje it wird, det d’ amme fen Odin my meidielt,
Dy’t hjir brûzet oer ’t skom, dy’t sûs’t troch it roeikjende beamte!
Ienris ljachtet de dage, det Albions rizige soannen
Komme ta stipe en treast, as Fryslân weikwynt, towile
Hetsige winen fen frjemdsin it heit’lân de fruchten binimme.
Yette, sa sizze de Nornen lykwol, waerd d’ ûre net berne
Det wer ús lok wirdt jown, troch foltsen fen aerd ús bisibbe.
Eigen krêften wize de wei ta bliere forbett’ring,
Sizze ús eigen forstân hwet laet út de kweazige sompen!”
Allyk it moed mistreastrich him dûkt yn nearzige nachten
—Nearne libbet de glâns fen ljacht troch woelige wolkens,
Einlings nei langjend gediker men sjocht in stjerre, dy’t ljeaflik
Wytget fen ivich ljacht: wer komt der in wolken, biwoeljend
’t Glimkjend goud dat der flûnkere; men mimert oer ’t spitich fordwinen—
Sa ek seagen drôvich de harkers yn ’t âlde Wâldherne.
Lyk as yn gloedleas hôf ûnthjittende blommen forwylje,
Ien lykwol hâldt it út en teart swiid iepen syn ljachtpracht
Det de ljuwe binijd wer loaitse ’t ûnthjit fen it libben,
Sa ek de wizens fen Seiner, tanimmend yn liedende ljeafde;
Rêstich bigoun er syn rie, dy waerd ta tyljende bougroun:
„Lânsljue, as den net ien in foarslach fynt ef in útwyk
Rêst wer to jaen oan de fjilden, dy’t tjirmje troch oarloch en ûnwit,
Wolle den achtsje de rie, dy’t ik jim’ jaen scil, oertsjûge
Det sa lokkige fleur wer laket oer d’ âlde lânsdouwen.
Loaitse, myn frjeonen: litte wy siikje nei moedige mannen
Ryk oan wizens en ynsjoch, troch folle bifining wolwittend.
Dizze den moatte, bitinkend det leauwend oan ljachtsjende tinzen
Hjarren fen goaden jown, wy ’t lok fen ús lânnen bitrouwden
Oan hjar warber forstân, de hillichste, hearlikste rjochten
Sammelje, neffens hokker de treftichste foarsten regearje.
Swier wirdt wol hjar plicht, mar Frigga teande ús in teiken
Det se forheegje wol en stypje de freegjende siele.
Toalve scil wêze it tal fen hwa’t it tsjoede bistraffe,
Straffe ek, hwa misledig’t de bliuwende brûkmen der âffaers.
Fier oer d’ ierde is de wei to bigean: yn frjemde lânsdouwen
Moatte hja, skôgjend it rjocht, oerlizze hwet foardert de wolfeart;
Binne hja einlings werom, den scille dy rjochten en rigels
Wêze ta ivige wet for it dwaen der warbere Friezen.
Seine biginstget it lân en lok biglimket de fjilden,
Witte wy hwet it moed fen machtiger wêzens it ljeafst is.
Komme den lânsljue, dogge nei ’t wird, det Odin my wytget
Hweroer Frigga de wolkens fen seinjende ljeafde al útspraet:
Sa oanskôgje wy wer de bloeijende fjilden fen eren!”
Lyk as der ljachtet in skynsel oer ’t skom, it minlike teiken
Foar hwa moedich en steech de woeljende weagen bifarkje—
Sillich rjeauntet de rêst yn ’t boarst fen de treftige silers,
Sjogge hja ’t ljacht det lústert fen hwet yn ’t wachtsjende heitlân
Nou yette fredich slommet: mar ringen davert de dage,
Mijen ûntrôllet it rea ûnthjittend it flûnkerjend findel,
Blier yn ’e blinkende moarn strielt mei it flikkerjend skynsel,—
Sa ek ealgen de Friezen it kommen fen lokkiger dagen,
Do’t hja hearden de rie, ienfâldich en treftich fen ynsjoch.
Steatlik riisde oerein de dage-bilibjende Holder,
Bliid oer it fruchtber ein sei stil hy de slutende wirden:
„Tinken docht dit my oan tiden fen jonkheit en oerliz;
Sljochte saken bisprekkend, waerd moedleas it boun fen myn frjeonen,
Pleagerich seagen s’ ús oan; allyk yn doalhôf biskoatle,
Sa oerleine wy taestend oant einlings der ien fen de gearkomst
Glimkjend útre in wird, det bande de twivel en ’t ûnwit.
Seiner, tank scilste habbe fen Fryslâns fruchtbere geaën,
Litte wy neffens dyn rie, nou kieze út ús midden de mannen.”
Do’t sa bikrânse de die hwet retten de dúdlike wirden
—Ringen wiisde men oan, hwa’t sammelje scoene de wetten—
Gyngen ynfieren hja foart, forlittend de herne der wâlden,
Hwa’t dêr plachten dy deis, oerlizzend hwet tige ta stipe
Stadich saeide de nacht do del, de stjerren forhellen,
Widzjende tinzen yn rêst—dochs bliuwt de langstme nei ljeafde.
Bragi, Iduna en Dû, o Freya dy’t hoedet de frjeonen,
Spriede mei ljeafde oer my út jimm’ hillich-seinjende hânnen
Det yn my brânne de sang oer treftiger geasten en parte
Myld de kinde my ta, dy’t rikt ta de himelske kriten.
Hwent ho woe ik, minske sa earm oan fieling en útring
Witte hwet omgiet yn ’t hert fen machtige Walhal-biwenners,
Wier it net det de goaden, dy’t wizens jowe en witnis,
Yn my geaten de glâns dy’t ljachtet út d’ eagen der nachten?
Krêftich-ienlûdich wêze de klang fen myn strûzende fersen
Lyk as de weagen der sé—hja rûzje geheimich en ivich,
Diel útmeitsjend fen hwet boppe stjerren sillige sang sjongt,
Wêzend in diel fen it lûd det de fûgels omljuentet yn ’t loftrom.
Stadich kliuwt de wei, dy’t laet nei de wenten der Asen;
Wrâlden biljachtet de glâns út strieljende streamen fen goudsân.
Mids troch skaedzjende bosken gliidt siikjend de winende ljachtwei,
Stimmige flûnkring forspriedend oer ’t wâld, det yn tsjuster bitsjoenend
’t Fleurige grien foroaret yn blau lyk as rêst op de rotsen.
Wûnder wâllet de skimer fen ljacht en falt troch de blêdden,
Al is it fier fen de romt, dy’t de sinne mei strielen trochskattert.
Mannige saed boellet op neist it paed; rounlivige krûken
Makke út brûns, lizze ré for de langjende hân fen de reizger.
Fûgels, blank-silvrich fen kleur blier skodzje de flûnkrjende drippen
Of fen hjar twinkeljend klaed, hwennear s’ yn de rjeauntsjende boarnen
Dipten hjar ljeaflike pronk ef dronken fen ’t ljachtsjende wetter.
Nearne forhelje de beammen fen ljeafde ef fortretlike smerte:
Fierwei lizze de lânnen, dêr’t wif en ûnrêstich fen hertslach
Lûkende winen widzje ef skodzje de tingere twigen.
Nea wirdt de stiltme tobritsen troch ’t kritende kreunen fen ’t beamte;
Nea ek litte de fûgels hjar lûdstream minlik wjerklinke:
Dit is de swijende wei fen de dea, dy’t laet nei it libben.
Einlings forliest den it wâld oan tichtens fen beamt en struwellen,
Breder wirdt nou de wei en kleuren forspriede hjar blierens.
Yn ûnfiembere fjirt is it fjild bipronke mei roazen,
Reade, dy wytgje fen krêft en wite dy lústrje fen ljeafde.
Machtich-ljachtsjende stjerren biskine in weeldrige simmer,
En troch it fjûrige fjild birôlje de glinstrige slangen
—Giftich binne hja net, mar hjar each is twingend en binend—
Hiel it linige liif yn de pracht fen wiuwende roazen.
Swoel, fol swietrook parset de loft de blommige fjilden;
Komt hjir de minskene siele—mar net faek wirdt hjar ûntsletten
d’ Himelpoarte fen moarmer, dy moannet ta moedige dieden:
Skalden allinne en helden bitraepje de kliuwende Mâlkwei—
Dalik binimt hjar de rook fen de roazen it tinzen oan alles
Dat hja op de ierde forliet, it libben dat ljeaf wier ef lijend;
Skymrich sliept it forline, ’t ûnthâld is forswolge yn swietrook.
Dochs wirdt godlike wizens wer jown út de eagen der slangen,
Sadet de geast wol wirch is to skôgjen it wide Walhalla.
Lyk as nei doarmjen yn ’t wald, hwer it tsjuster syn wjukken al útspraet,
—Net is de wei yen bikend, dy’t bringt ta ljachtere kriten,
Fierút roeiket de bosk syn tûken, de sinne forbergjend
Dy’t syn stjerrende strielen forsieddet op blinkende blêdden,
Twivel oermastert it moed, den forbjust’rjende freze for hwet der
Njoer bisletten waerd yn de machtige rieslach der Nornen—
Einlings riist der oerein in kastiel, mei minlike minsken
Dy’t de warrige frjeonlik wer treastgje mei spiizgjende wirden:
Net oars blikkert de wente fen Walhal yen einlings yn d’ eagen.
Breed leit in gêrsryk fjild, mei waeijende, bûgende raeijen
Foar der goaden paleis; dêr boartsje de glimkjende elfen
Eltsoar jaende de hân en dounsjend fen sillige wille.
Knoppen fen roazen, ûnthjittend, hja drage yn ’e hingjende hierren,
Hweryn pronket de gloed fen in sêft-oerwyndere nôtfjild.
Loftich wiuwe de glânsen fen side oer de ljeaflike lidden
Lyk as de sinne oerrimpelt mei goud it noegjende wetter.
Douwen-wjokslach klapt yn ’e loft, as silveren blommen
Driuwe hja heech, dy’t Freya it frjeonlikst biglimket fen ’t fûgelt.
’t Moarmeren Walhal drôget der stil; syn machtige mûrren
Binne biklaeid mei blêdden fen altyd blomkjende kliuwers.
Pylders fen skoarjend granyt biringje de binnenste sealen,
Hwer’t de Asen forgearje en plachtsje oer it lot fen hjar foltsen.
Treppens hird fen bazalt, oan ’e foarein krêftich forklonken.
Liede omheech yn de toer, hwer’t Odin hearsket en neitinkt.
Hjir den, yn dit kastiel fen moarmer omwoelle mei blommen
Wenje oan hwa troch de Nornen ’t bistjûr oer it wrâldroun bitroud waerd.
Jimmer laket loksillich hjar libben, det ryk is oan ljeafde:
Wit, as in dei forstjert, yn it West it blieden wiid útweag’t
Den is wol fortige hwet moaijer makke de mieden,
Wol wein’t d’ ierde mei rjocht, as it nachtskaed hjar ljeafde biwoellet
Yn syn mistreastige fâlden—hwent alles op ierde is tiidlik,
Blomt en beamt, it fioeltsje allyk de riizjende berchiik—
Mar de geasten dy’t fier, for minskelik each net to lôkjen
D’ ivige wenten biwenje, net hja binne boun oan de stounen.
Hwent as de sinne forsinkt yn it roazerea glimkjende séwiet,
As sims de moanne fordwynt efter hjerstich-stoarmjende wolkens,
As it wetter hjir tongert, it beamt troch de bangens oermastre
Kjirmet en kryt fen smert om it stean yn ’t spoekjende tsjuster,—
Jimmer wennet der rêst yn de feilige skerte fen Walhal,
Wine der blommen omhegens, dy’t mei hjar suvere swietrook
Frjeonskip en frede forspriede yn ’t hillige herte der Asen:
Hwent it ienichste tsjoed, det ús wrâld sa lijende makket,
Wiksel fen wêzen en dea is fier fen de sillige sealen
Hwer’t op ’t antlit der Asen wjerspegelt de wille fen ’t libben.
Fredich flûnkert de seale fen Frigga, de wûndere wente:
Blêdden fen ynwyt goud biklaeije de moarmeren mûrren;
Minlik wiuwt oan de yngong it silver fen side omlegens,
Fâlden forglide der sêft, as in sigen syn siken wer ynsûcht.
Widzjend-wite wjerljachting, dy’t ôfjowt glimkjende glânsen
Makket noegjend-nolk en nommel de steatlike seale.
Dêr ek stiet de wiele mei kantige klossen en triedden,
Dy’t de goadinne bispint by ’t weevjen fen kleurige wolkens:
Wollige dampen allyk sa wâlje de wolkens nei ’t loftrom,
Pronk for de himel en treast for de gammel-mismoedige minsken.
Lyk as in bij mei ljeafde him jowt yn de wente der leelje,
Swiid him fornoegjend yn nocht om de blankens der blommenfoarstinne,
Sa ek glimket d’ Asinn’ as hja gliidt troch de kostlike keamer,
’t Each forbliidzjend oer pronk, dy’t past by hjar blinkende hegens.
Hjir den wierne yn gearsit de machtichste goaden, hwent Frigga
Hie hjar frege ta rie; hwa scoe net foldwaen oan dy frage?
Heech op in troan siet Odin en liet mei twinkling fen blidens
’t Alles oerljachtsjend each biloaitse de treftige Asen;
Neist him siet de goadinne, dy’t Asgard der noegjend byienrôp,
Blank as de tsjelk fen de blom, dy’t him wynt om snilen en leafreid.
Leger sieten de oaren. Do’t rêste wer groeide yn ’e gearsit,
Riisde Frigga oerein en wytgjend bigoun hja de wirden:
„Asen, harkje nei my, foarstinne fen goaden en wolkens!
Swiet is wol it geniet to gean hwer njuentet de streamsang,
Blinkende leeljes yn ’t wiet hjar silveren tinzen oerspriede
Mei it fyn-flokkerich skom fen it wetter, dat strûst oer de fjilden
Dy’t nei ljeafde forlangjend yndrinke de swietens fen ’t libben—
Wol is it ljeaflik op romten yn Walhal to boartsjen mei ballen,
Hjir to goaijen de lâns, to mietten de krêften der frjeonen—
’t Liif to skoaskjen hwer’t sinne in ryklike stream fen it ljachtgoud
Jit op it leger lân: foarsiker, dat jowt in geniet ús,
Makket de dei ús ljeaf, forriket ús wêzen mei wille:
Wichtiger wirk, o Asen, is lykwol hjarren biwarre
Hwa’t de Nornen bitrouwden de striid tsjin tsjustere machten.
Loai giet it libben foarby en dochs scil ienris de dage
Ljachtsje honear wy de tiid fen soarchleas libben bikleije.
Warber is jimmer it tsjoed: de dieden der groljende geasten,
Hwa’t mei Loki forsein waerd it wûnder fen Walhal to lôkjen
Kliuwe oan krêften en tal, mar d’ Asen skodzje de holle
Sjogge mismoedich foardel en keare hjar ôf fen dy wytging.
Thor, dû wierst dochs warber alear, do’t de doarende rover
Stiel de wille fen Sif—wer wol ik dy sjên yn dyn greatme.
Freya, dyn laitsjen joech moed oan de machtige ynboarst der Asen—
Is dyn priizgjen allinne biwarre for roazen en douwen?
Leauwe my, glimkjende goaden, dy dreame yn sillige blidens?
Fiersto lang al dûrre de sliep, woll’ einlings ûntweitsje!”
Do wier gelúster fen lûden yn Frigga’s strieljende seale,
Unrêst kloppe moanjend yn ’t boarst der machtige goaden.
Stiltme libbe der lang; dochs kaem de rôljende tonger
Do’t de droanjende stimme fen Thor syn tale wer út’re:
„Kleijende Frigga, dû de foarstinne fen goaden en wolkens!
Wol wier it dy ûnwird, to sizzen mistrouwende wirden
Oer de brân fen myn moed, dy’t de warbere lôge biwarret!
Tinke mocht it dy dochs, ho’t op myn dizige reizen
Ninter stoun ’k myn stoerens forlear, it tsjoede bistridend:
Eang seagen jimm’ inoar oan, do’t ik mei Tsjalfi de trouwe
Reisge út Walhal wei, nei hwer it ivige iis leit
Op griis-winterske lânnen—kaem Thor do werom as oerwoune?
Njoggen wiken strûsde ik as fjûr yn d’ amme der winen,
Rêd oer it twinkeljend fjild, hwer’t snie de foetten omwoelle.
Faken barsten der boijen fen heil út de hingjende loften:
Ninter stoun forlear ik myn moed; do’t de tsjoenende Loki
Dryst yn d’ eagen my seach ... hwerta dat yette to neamen?
Hwent dit witte forwis de goaden en bliere goadinnen
Dy’t hjir binne yn gearsit, to hearren nei al hwet der omgiet
Yn dyn ûnrêstich moed: wol kaem ik as winder yn Walhal....
Stjerlik binne de Asen, it tsjoede scil jimmeroan groeije
Sa lang wrâlden bistean en hjar wegen gounzje troch ’t loftrom.
Witte wy net hwet sprieken de Nornen, ûnkearbre foarsizzing?
Ragnarok neijert: omdôch en treastleas binne de moeiten.”
Stadich sei Odin in wird, det priizge de stille birêsting:
„Wiis is de wytging fen Thor: loaits, Frigga, al binne wy krêftich,
Seinje wy d’ ierde ek sêft en deije de skimmel der skande,
Dochs komt ienris it stoarjende ein; sa waerd it forstânnich
’t Wêzen dat ús yet wachte, mei fleur en sangen to koartsjen.
Neame de Nornen net de fijân wizer as Walhal?”
Moedleas seagen de goaden, yn Frigga’s seale byienkomd
Eltsoar mimerjend oan en mannichien tocht yn him selme:
„Hwerfoar tsjinnet it dochs oan tsjusternis jimmer to tinken?
Wrang is it needlot en wier—hwerom den dy dize yn ús wente?
Better de krânse yn ’t hier, as it swird yn de warrige hânnen.”
Lyk in leaden loft mei skriklik-wêrzige waermte
Geil en driigjend kliuwt, det meltsers der soargjend nei skôgje,
Sizzend: der komt swierwaer—Natûre wachtet yn ûnrest,
Bang ropt it fé yn it fjild, it fûgelt biharket de stiltme—:
Sjittend skittert it ljacht en blinet yn flitsende flikk’ring
Hiel de skriljende wrâld, sa ljachten de eagen fen Frigga,
Do’t hja fornaem it wird fen wyljende, ûnwirde birêsting.
Spitige tael streamde tel út ’e rounte der roazige lippen:
„Goaden, to swak en to lef dy nommele namme to dragen,
Loki’s ljeaflikste frjeonen, fijânnen fen Frigga en Walhal!
Lyts-ûnwittende bern binn’ jimm’ lyk yn breklik bitinken,
Laitsjend fen wille om in blom, net ealgjend it wyt fen it libben.
O dû griizjende Thor, o tsjoed oanriedende Odin!
Scille den sjonge de skalten by ’t kommen fen ienlike skimer:
„Walhal wier as de tún dy toarstjend nei wetter forwile,
Hwent de húsman wier warch en tocht oan de stoune fen stjerren?”
Brânne de hillige striid, honear wy Walhalla forlitte,
Geande nei ’t wazige ryk, hwerút nea in wêzen weromkaem!
Swije; bitinke myn wird: hwerom waerd earlike ljeafde
Tankber ús wijd fen al, hwet op wei yn tsjustere wâlden
Taestend socht nei it paed, det laette de minsken tomjitte?
Hwerom beaën de helten om help fen hegere machten,
Tongre de striid wer oan en spjalte de pynlike ierde
Kreakjend om to fordylgjen hwet Hela forkrige ta kriichsbút?
Hwerom stoarren de foltsen om skom-bislantere strânnen
Hwer it wite der weagen as kant, fyn-kostber biwirke
Waeit, weiwirdend yn ’t wiet, nei steatlik silende wolkens,
As de stoarmen kjirmen en skriemden oer beevjende bosken?
Dit wier it wêzen der hilde, dy’t freegjende minsken ús brochten,
Det de soannen op ierde ús earden as stypjende machten,
Striidber allyk de wyn, dy’t reaget de snie fen de tûken,
Striidber de sinne allyk, toranend it rôljende deaklaed.
Sitte wy dieleas del, bitinkend it lok fen ús dagen,
Docht den de wrâld ûnrjocht as hja, net leauwend ús ljeafde
Minlik de Dilder biglimket; dy’t d’ earme noegjende tawinkt?”
Sêft waerd, Frigga, dyn stim’: Dû tochst oan in hillige frjeonskip:
„Hwer de Noardlike sé binjuentet de lege lânsdouwen,
Libbe alear in folts, dat great wier en groeide yn ljeafde.
Minliker wier it my as de minsken, dy’t earne hjar wenten
Sloegen mei noedlike soarch, yn slomme fen winskjende tinzen
Omdet Loki, de tsjoede, hjar learde nei rykdom to streevjen.
Dêrom joech ik dy lânnen myn namme: hja wierne my ljeaf as
’t Mûtele bern, myn Balder, dy’t ienris hjir boarte yn Walhal.
Nearne wennen der ljuwe mei feardiger, liniger lidden,
Tûker to sjitten it wyld, mei mylder forearing for ’t goede.
Do kaem dizige skimer mei waes fen wiuwende wolkens,
En myn stamme forkwynt, oermastre troch ûnwit en oermacht,
Lyk as in blom yn in stelt, dy’t pronket yn tsjustere keamer
Wilet en stjerrende libbet. Dochs bliuwe de minsken yet warber,
Leauwe hja ’t pleagjende kwea út de kriten fordriuwe to kinnen
Fêster bitrouwend, o Asen, d’ oerwinning fen ’t ivige en wiere
As hwa, wif fen bitinken, foarôf al roppe fen rêsten.
From allyk it biheart, wier hjar bea om de stipe fen Frigga,
Dy’t hjar ûnthiet to lieden as soannen yn rûzjende nachten.
Wytgjend spoun ik myn wolkens—de weagen fen glinstrige triedden
Rounen blier út ’e seale nei ’t plak, det hjar wachte oan ’t loftrom.”
Fierders forhelle do Frigga, hwet barde op ’t âlde Wâldherne,
Neamde de treflike rie en spriek de slutende wirden:
„Asen, hearre myn bea, dy’t moannet ta moedige útfier!
Asen, ik rop jimm’ op de stridende stamme to stypjen!
Thor, jow hjarren dyn krêft, dû Freya de ljeavjende lokslaits,
Klinkende sang sjonge Bragi; ik siedzje de seinjende strielen.
Wirde ús libben sa wer as eren, yn dagen do’t machtich
Wier ús jeugdige moed en bloeide de blom fen ús jonkheit!”
Triljend-klinkend klett’re de klang fen koper yn Walhal,
Great wer waerden de goaden, bitinkend de tiid fen ’t forline:
Striidsin brûze yn hjar op, allyk mei brommende lûden
Tommelt út d’ ierde in skomjende stream, dy’t rotsen-oerditsen
Libbene weagene hertslach bitwong yn gongen bikrongen.
Mar út ’e kloft fen de gromjende goaden kaemst Dû, o Forseti,
Earjend en heech gyng Dyn each oer de machtige rygle der Asen,
Rêstich rûze dyn wird, det wier lyk in seinjende twirre
As in hymjende waermte ’t gewaechs fen de húsman forwilet:
„Goaden, loaitse nei my! al binne myn jierren net talryk—
O, mear bilibben jimm’ wol, bistjûrders fen wolkens en wrâlden—
Dochs is it wizer myn wird net spitich en greatsk to forspijen,
Ommers ik wol jim’ sizze hwet yn my lústert myn tinken,
Blank, it moarmer allyk, dat makke de mûrren fen Walhal.”
Freegjend seach er yn ’t roun; al glimken de Asen meilydsum,
Odin ealge eat goeds: hy neamde de noegjende wirden:
„Siz’ frij út, o Forseti, hwet moannet it moedige herte;
’t Barde wol mear det immen, jong yette fen wit en bitinken
Treftiger plannen seach as hwa’t it silver al sierde.”
Tankjend wâllen de wirden fen d’ oar, lyk de weagen oan marsigg’,
Njuentsjend in sjongsum liet, det ljeaflik wjerklinkt yn de fierte:
„Odin, jimmerwer binne dyn wirden fol wizens en witnis,
Stypjend hwa’t swak is en machtleas en stypjend de striid tsjin it tsjuster.
Sa den seit myn bitinken: scil krêft wol wêze de liedstjer,
Ljachtsjend en wizend aloan hwa’t langet nei lokkiger dagen?
Macht foarwis is in bliuwende iik, in ivige berchbou—
Dochs wit ik yette to sizzen ho Thor, de treftige strider
Loki net dûrjend oerwoun, al like dy swakker en lytser.
Wizens en ynsjoch lykwol laet bêst in folts, det forbline
Waerd troch listen fen Loki: nou tink oan it wird fen de Nornen
Do’t ik yn Walhal kaem, jim’ soargjend de sisters bifregen
Hwet myn plichten wol wierne yn ’e warbere rygle der Asen.
Hja den, sjênde hwet d’ oaren yn skimer biskûle yet wachte:
„Dizze scil sizze syn wird, as Frigga’s freegjende soannen
Krêftich yn moarmeren wenten wer bringe it bloisel der jonkheit.”
Einlings kaem dos de dei, dy’t de wytging der Nornen al wiisde:
Rjucht is, my to bitrouwen de die, dy’t de frede weromfiert.
Frigga, ik seinje dyn folts mei it blomt fen hegere wizens,
Lyk as de sinne, dy’t sêft syn strielen forsieddet yn nôtpracht!”
Blier as in bern sa glânzgen fen Frigga de glimkjende eagen,
Rizend mei blidens oerein, sei hja waarme, tankjende wirden.
Ienris, Forseti, wier Walhal allyk it fûgelt det wachtet;
Mar Dû wierst as it ljacht, dat de bân om hjar kiel wer toraende.
Read stie de himel op de rêst’ge weagen
Stadich-ûntweitsjend, yet de slomme yn ’t each.
Wjerskynsels fen de sêfte ljachtbrân teagen
Oer ’t warber wiet, dat rimpels amjend seach
Nei ’t flûnkrjen yn de kleare striele-reagen
Fen wytgjend ljacht, dat oer de wolkens fleach
Allyk mei ginstge wyn de skippen sile
Troch ’t steatlik wiet, sêft widzjende de snilen.
’t Wyt-krôljend wollich skom waerd ringen reader,
As roazekrolders bloeide ’t myld yn ’t wiet.
It stjerrend skaed waerd diziger en deader,
Wer skôgjend d’ âlde nacht- en dage-skied:
Al blider song de sé syn wûndre bea der
Om sinne’ sêfte roazen oer ’t gebiet,
En wider yn it East waerden de kringen,
Fen blier-ûnthjit, de súvre striele-ringen.
En drokker, drokker klonk it yn it wetter
Fen wille om pracht fen d’ iere, prûze dei.
De jonge winen bliezen rouner, better
Nou ’t nachtswijen wer súntsjes siigde wei—
In fleurge douns hja dounsje, efkes letter
Laket it ljacht tear yn hjar laitsjen mei:
Earst mijen sjocht it oer de kleurge seame,
Den lit it rynsk syn mylde strielen streame.
En hiel it poarpren weachfjild waerd oerljachte
Troch gjalpen fen de flûnker-sinnerein,
Allyk it nearzich swart yn slûge nachten
Tobrekt it skynfet mei syn fûnkensein’
—Den swije tel moedleaze minsk’ne klachten
Hwent twivel is for ljacht wer hinnetein—
De sé song sêft en lûder song de sinne,
Lûden, fier triljend troch de ljachtpracht hinne.
Nou wiek ek fen der Friezen each de slomme,
De flinter, wytgjend wjokke yn glinstrich swart,
Dy’t mei syn spinnend wjokgeril lit bromme
Tiding fen hwet op stoarme-strânnen bart,
Sadet de geast fornimt, hwet ienris komme
Troch wrede wet fen Nornen-runen moat;
En d’ iersten rounen oer de wide mieden
Hwer wiuwend wachten drokke deiske dieden.
’t Minskebestean swevet wer hinne yn swijen
Ientoanich, lyk in dize oer ditsen lân:
Hwer d’ ieren wylje, krêftleas yn hjar lijen
En langstme om ljochte sein’ fen sinnebrân,
Dy’t ienris hjar fornoege, do’t it dijen
Der winterstrielen lake oer ’t slomjend strân.—
Nea laket wiksel oer de libbenskriten,
Noch njuentet ’t moed yn lokkich-romme riten.
Oars is it mei hwa’t jimmer langjend siikje
Nei wiisheits nea bidjippe silvren saed,
Omdet hja swiid de warbre geast forrykje
Loaitsend hwet sims it wûnder-winend paed
Hjar sjên lit: ljachten, dy’t sêft-glimkjend lykje
To lústrjen det de wei nei wierheit laet.
De plicht fen ’t wêzen oant wy wer fordwine
Is steech to siikjen, det wy einlings fine.
Sa ek de wizen, dy’t de Fryske strânnen
Forlieten om to hearren frjemde wet,
De toalve hwa’t it lok der lege lânnen
Bitroud waerd, steatlik geande sûnder smert
Al scoene ringen hja de grize rânnen
Weiwirden sjên fen ’t lân hjar djûr oan ’t hert:
It boat lei ré, oer ’t wiet hjar fier to dragen;
Heitlân farwol, oant wersjens blider dagen!
....Seach men wol ea in derten famke rinnen,
Mei swide libbenswille yn ’t laitsjend each
Yn dau-biflûnkre fleurich bûnte finnen,
Oertein mei wazich-triljend strielenreach?
Oer groeijende ikkers trapet sêft hja hinne,
Den dounset hja allyk in marreweach;
O hwa’t dit skôge yn skimer-silvren dage,
Foar him is ’t fier, do’t hy delbûke klage!
Neat is op ierde hearliker as strielen
Fen ’t fjûr dat nôtgoud glânzgjend gloeijen docht,
Dy sterk en stypjend alle tier skewiele,
Elts minske ek, dy ’t mei noed nei takomst sjocht:
De brân fen boppen makket ’t swakke stielen,
Jowt minlik treast hwa’t drôf yn twivel socht:
Dit is de ivich-treastelike seine
By alles, hwet de nacht en skierens skeine.
As Maeije komt: it romme fjild mei blommen
Bisiedde, jowt al ljeafde-waermte op,
En lústert fen it nomle, dat scil komme—
Yn lije loften rûst de ljurkerop;
Hwet yn Novemberwaer jamk hast forklomme
Bloeit wer sa blier by maitiidsblommen op,
It ljeafdelibben glimket myld tomjitte...
Myn broerren, wé oer hwa dit lok forstjitte!
’t Folwoechsen foarjier ropt de rykste nammen
Dy’t ienris klinke oer winskjende wrâld,
Is ôfglâns fen slomjende, ljachte flammen
Dy ’t ienris brânne it treastleas, tsjuster wâld,
Hweryn biskimle en kwinend-âlde stammen
Hjar longrjend libben liede yn ivich skâd,
Towile hja ’t forheegjend sicht binimme
Op ’t lok, dat seinje woe sa sêft en dimmen.
Fen dat ûnthjitten lústert ’t sé-ûntweitsjen
Allike goed as ’t fjûrich-gouden fjild:
De weagen witte blier hjar nocht to smeitsjen,
Skôgjend ho’t ljacht de prûze holle optilt,
As moarns yet ier de reade loften reitsje
It wiet det fen it streakjen efkes skril’t;
Mar wiffer as de lânnen lok ûnthjitte
Wol ’t wetter faek syn earste laits forjitte.
Hwent jimmer wennen dêr deijende machten
Dy’t djip biskûle op skimer-grize groun
De swarte nachten langjend, warber wachten
Oant ien fen harren nije bút wer foun.
Hja âlje bang hjar treastleas-rouwe klachten
Wiid klinke dy oer ’t romme djip yn ’t roun—
Wyld is it wûnder det sa blij bilovet
En ringen bliere libbensblommen rovet.
Jamk waerden minsken berne, dy’t al hienen
Yn teare jeugd de winsk nei ’t woelich wiet:
Boarten de bern oan ’t strân, ho hearlik wiernen
De streakjend-sêfte weagen oan hjar fiet;
Waerden hja feint, hjar ljeafste tinzen wiernen
Oan hwer’t al klonk der geasten noegjend liet:
By sillich lok, by weadoms wûndre stounen,
Jimmer dy bânnen fêster twingend bounen.
Fordildich wachte ’t wiet. Laetten hjar paden
De minsken einlings ôf fen eigen gea,
Blier twinkle ’t wetter; yn syn silversaden
Kaem ljachtpracht fen it moarntiids roazich rea
—Skouwend yn skimer komme skiere skaden
Foarsizzend hwet der Nornen wird wier: dea—
De wolkens tommelje op, swijende weagen,
Den skûrre de twirjende touwerfleagen...
It boat de wizen draecht. Yet kleure kloften
Fen flûnkerskynsels swiid de ljachte sé,
En silverlûd’ge skommuzyk-geroften
Witte net fen ûnrêstich winkend wé,
Nei stadige en tinzenswiere skoften
Sinkt wei de wyt-beslantre Fryske ré:
Fier rikke d’ eagen oer de djipte hinne
Eft hja it ljeave lân yet lôkje kinne...
De sinne kliuwt allyk hjar krêften kliuwe
Seinjend ’t reafallich, laitsjende sébern,
De glimkes oer ’t widzjende wetter wiuwe
Om jimmer riker pracht, en prûs to sjên
Patsje de strielen weagen, dy’t yet bliuwe
As roazen glimkjend: ’t lok giet net forlern—
Nôtikkers hwer’t de pronk fen ieren bûget
En minske-each ta libbenljeavjen noeget.
Natûre wol de treftge wizen sprekke
Fen yn Walhalla wachtsjend lean en lok:
Sa scil hjar net it hege herte brekke,
Om ’t fier fen eigen hiem, de plicht hjar drok
To siikjen seit nei wetten, hwerfen wekke
De frijdom wirdt, en weinomd Loki’s flok;
Ald is hjar krêft: yn moedleas ein-oertinzen
Waerden hja skielk al fêster, fêster finzen.
Allyk in bliere lytse ljachte wolken
Súntsjes bisilend de brânnende loft:
Wiid flikkerje de fjûrge sinnedolken,
Mar hy giet steatlik fierder, blank fen noft,
Njuentsjend fen Walhals hege wenten, nolk en
Jimmer trochklonken fen muzykgeroft,
Sa ek it skip, stil silend nei de strânnen
Dy’t wizens jaen scille oan de lege lânnen.
Djip yn it East wirdt den it rea oerditsen
Mei wûndre wolkens, driigjend-blau bilein.
Hja ha’ de glâns der dage ringen britsen,
Do wierne hja oerwinnend fierder tein;
Krollige koppen binne heech opstitsen,
Fen kleur de klaei allyk, by staed’ge rein—
Fordwoun is gau de gloed, hwer’t sêft earst sweve
It sinnefindel, det d’ Asinnen weven.
Den bart wer, hwet al faek yn ’t hege barde:
De sinne flechtet for it longrjend dier,
De wolf, dy’t by de laits fen Loki swarde
To deijen de seinjende sinnetier,
Om’t dizze jamk syn tsjustre macht fortarde,
En him mei ’t fjûrrich swird sloech wounen swier:
Rêd flechtet sinne ringen dêrfendinne,
Moedleas, om’t dochs de wolken-wolven winne.
Allyk it wyld troch hetsge hounen jage
De iepen fjilden stoarmehird oerfljocht
—It loaitst net ’t ljachtsjen fen de blommedage,
Allinnich is syn geast op flecht fortocht:
Nei fleane hounen, hearrend ho’t it klage
Om ’t neat meilydsum nomle stipe brocht—
Sa ek de flecht der sinne, krêftich bliuwend
Al komme wylde wolkens tichter driuwend.
De blauwe tsjusternisse kliuwt al heger,
Lead parset fêst de wiffe weagen dol
En altyd wirdt syn gleije gloede dreger,
Fen deadlik-driigjende ûnkenwytging fol;
De sinne sakket swymjend stadich leger,
Wei wirdt de laits der strielen, myld en gol:
De striid bigjint, for ien mar ’t libben daget—
Yn skriklik swijen stil Natûre klaget.
Foar d’ eagen fen de toalve earwirde wizen
Wounen de wolkenwolven jimmer wei:
De hierren fen hjar wiuwend-wide, grize en
Djipblauwe hûdseam’ kamen sinne nei,
Men seach fen fierren wol de kloften rizen,
Towile bang de tonge it wird forsei;
Koart dûrret d’ ûre fen it sinnesinken,
Neat sjocht men mear oan hege himel blinken.—
It leaden klaed skouwt jimmer fierder; ringen
Is hiel de himel gloedleas-glei bislein.
Yet heart men net de wolf-oerwinning klingen.
Wûndere stiltme is oer it wetter tein,
It drôget, rimpelleas; wolkens bikringe
De blik út langjende eagen om ljacht-sein’;
Sa gean’ foarby de neare en stille skoften
En amper amje wide wetterkloften....
Den boldert it rou yn de slomjende kloften
Dy’t driigjend dreauwen op der sinne fjild,
Droanjende ratljende tongergeroften
Roppe lûd-bearend, troch de himel trill’t
De swiere laits fen ’t deijend djier, det noft en
Skatrjende wille hat, as d’ ierde skrilt.
En fierder skûrt it kreakjen, oant it wetter
Him krôllet ûnder ’t slaen en stoarm-gekletter.
Den brekt de djipte woast de sterke bânnen,
Klappend it skom mei fûle feart omheech,
As treastleas fûgelt yn stoarmjende lânnen
Sa saeit it doelleas-twirjend wer omleech;
Wiid gappet ’t wetter mei syn rûzge rânnen
As de wyn wer snijt mei flymjende feech:
It wirk fen Loki’s frjeonen, wylde machten
Dy ’t lang op bút fen ’t blomt der ierde wachten.
Allyk in draek mei skerp ombûge bochten
Wech ende wear yn stoarm syn liifpronk slacht:
Boartsjende boikes yn hjar wille tochten
Net om it fallen fen de wolkennacht,
Towile omheech nei hwet der doarme sochten
De skiere ruters, jimmer wach op wacht—
Sa strûst it skip, hweryn de toalve sitte
Dounsjend de dea ûnkearber-rêd tomjitte.
Hja fiele wédoms wûndre wounen, tinkend
Ho’t wachtet jinsen ’t eigen ljeaflik lân
Op romme wizens, dy’t hja ryklik skinkend
Meidiele scoene, ta in iivge bân
Oan hwa’t by rotsen, heech oan séich blinkend
Wenje op it fiere, skombirânne strân.
Sa kaem den d’ ûndergong fen d’ âlde stamme;
Net mear scoe klinke hjar romrofte namme...
Sa drôgje hja. Ho wirdt it wrimpen dounsjen
Fen ’t wiffe skip hommels sa widzjend-sêft?
Weiwirden is it skriklik-droanjend gounzjen
Fen kringende en krimpende stoarmekrêft:
Wrâlds hertslach, niis it nearzich-woelich bounzjen,
Wirdt as de twirre oer steatlik-rêstge grêft.—
Wol is it stiltme twisken stoarmefleagen,
Allyk de doarmers jamk wer hoopjend seagen?
Forheard loaitse de wizen: kleare streamen
Saeije sêftread heech út de wolkens wei,
Dy’t ljeafdeseine en blier ûnthjit hjar neame
Mei lústerklang, as treast nei ’t rou gegei;
Toskoerd binne de tsjustre kloften; seamen
Mei roazerea biboerde prielje nei—
Skomflokken rane yn ’t wiet, langjend nei rêste;
Swiid twinkelje ’lyk kerskes d’ alderlêste.
Allyk in fûgel, kennend ’t fiere nêst en
’t Wâld, hwer nea him net de rêst forlit,—
Wis fljocht er oan, en skôget ho’t de lêste
Der weagen stjert, hwer’t ljocht it strân oerjit
Mei glânzen—dochs syn eigen tinzen rêste,
Wylst sinne him mei stypjend ljacht bisnjit,
Sa doelfêst streaket ek it skip de weagen
Dy’t, rêstich nou, fen fiere kriten teagen.
En wylst de wizen stoarjend roun hjar sjogge,
Wirdt ’t harren dúdlik, ho’t it wûnder kaem,
Hwet machten wylde stoarm bidarjen dogge,
Allyk de tommelstream in sterke daem:
Strieljend fen each hja ûnforwûndre sjogge
Hwa’t driigjend ûnk sa soargjend fen hjar naem:
Forseti sit oan ’t stjûr: en seinjend wanket
Wer Frigga’s laits, dy’t myld en minlik tanket.
Loksillich hwa’t op ierd de goaden skôgen,
Hja geane it libben troch yn romme rêst;
Hwer’t oaren lêsten lang-swiersettich tôgen
Yet tinkend oan forliezen, dy ha’ wêst,
Binne hja klear fen geast as flûnkerlôgen,
Blier as in dou, reizgjend nei ’t nolke nêst;
Hwer’t oaren oer hjar libben suchtsjend tille
Fine yn hjar iivge rêst hja swiden wille.
As nou de wizen, lôkjend, klear bifine:
Sa kaem de god, dy’t Fryslâns loksstân wol,
Den ringen hjar pleagjende soargen fordwine,
En ’t wêzen wirdt fen mylde frede fol.
Binijd nei ljachten loaitsend, dy’t der skine
Ut mylde loften, steatlik-sêft en gol,
Forseti’s hillich, minlik antlit skôgjend
Binne as it slomjend wiet hja rêstich drôgjend.
Hwent út syn glimkjende eagen blinke goede
Foarsizzings for it lok fen ’t ljeaflik lân,
En om syn lippen gliidt in laits as woe de
Alfadur sels myld seinje it smeekjend strân,
En Frigga wer ta skrik fen ’t machtich tsjoede
Flûnkerje litte sêfte ljeafdebrân:
Ho myld nou klinkt muzyk fen widzjend wetter,
Natûre smakket libbensswietens better....
Allyk yn lette simmer wite plommen
Fen ’t prûze hoarsblomt waeit oer weeldrich fjild
—Wynderjend, wiuwend wierne hja kommen
En dounsjend ha’ se ’t lichte liif optild:
Hja habbe wol de willewet fornommen,
Dy’t yn der blommen libben jimmer jildt—
Sa driuwt it glânzgjen oer de teare weagen,
Glimkes, dy’t myld út Frigga’s eagen teagen.
Nou leit der earne in eilân yn de wide
Sâltwetterkloften dy’t it lege lân
Streakjend omamje, stimmich-klear en blide
Geroften rjeauntsjend oan ’t blinkende strân.
Heech tilt oerein de rotsenmûrre, swide
Kleuren der ljachtsje as yn reinbôgebân;
Allyk in wacht yn ’t wiid, wytskom-omflokke
Biharket it, ho’t leech de weagen klokke.
Forseti’s eagen rikke nou dêrhinne
En folchsum strûst it boat syn winken nei:
Rounom, hwer’t laket goud-mieljende sinne
Wize hja rêstich-richtsjend rjochte wei;
Ho’t nearzge nachten den ek pleagje kinne,
Seinet Forseti,—oer is ’t eang gejei—
Sa sylt den nou it steatlik, doelfêst driuwen
Nei ’t plak, hwer foarse rotsen wytgjend kliuwe.
De wizen loaitse ’t lân. Forseti swijend
Forlit it skip: hja folgje wûndrjend him.
Rizich rint hy oer ’t strân hwer’t freedsum-wijend
De weagen sjonge mei silveren stim.
En hwer in gong troch rotsen laet, fornijend
Ho’t ségeweld it stienblok wier to slim,
Kiest hy syn paed, wyls ’t fier in skymrich ljachtsjen,
Fordriuwt it ûnwis, treastleas nachtskaedwachtsjen.
En lûder rûst de sé troch rotsengongen,
Hweryn de wyn gjin útwyk fynt binei—
It iivge, hwerfen jamk de weagen songen
Waerd wer in skip yn ’t longrjend wetter wei;
Wiid amje den de wylde wetterlongen
En sûge oermachtich alles swolgjend mei:
Wer is it Hela, dy’t djip ûnder d’ ierde
Rove hwet blier op libbens mieden tierde.
Yn ’t midden bûcht de wei, dy’t harren laette
Wiidút en wirdt ta timpelfoarmich plak,
Hwer mânske pylders, dy’t de romte skaetten,
Heechtille it swier-oerspriedend tsjuster dak;
Alear hjir preesters, rûch fen antlit, daetten
Wyld-ôffers, bliid fen Walhal oannomd strak—
Allang forstoar it folts, det ienris wenne
Op dizze fiere, njoere rotsenherne.
Den swaeit Forseti fûl de striidbre bile
Dy’t oan syn side dieden-longrjend hong
(Letter yn Ragnarok de fijân swile
Yn swé for Dea, do’t dêr de striid ta twong)
Allyk de douwen, blank fen wjokslach sile,
Honear hjar wite flecht de loft trochkrong,
Allyk in fjûrge slang yn leaden loften
Krôljend him winend troch de wolkenkloften.
Myld-klinkend klettert ’t brûs op stoere stiennen,
In wûnder triljen krûpt oer hiel de groun,
Lyk as honear nei wolkens-útslaen sinne
Hjar fûle strielen prieljend smyt yn ’t roun:
Ringen strûze de skaden dêrfendinne,
Nei lytse skoftkes is it swart fordwoun—
Sa springt heech op in prûze wetterbôge,
Flûnkerjend, klear allyk de ljeafdelôge.
Mei fyn gesûzel falle del de drippen
Dragend yn hjar tear-sêfte silverskat
Fen ljacht, ynwyt as hwer op stive klippen
In weach mei skom bisiedde wyld útspat.
Sa wytgje wer dy blanke ljachte stippen
Utsjongend sêft hjar wûndre seine, det
Wol-machtich is de god, dy klear scil riede,
Hwet for it lege lân ta lok moat liede.
Swijend de wizen loaitse. ’t Reauntsjend rûzjen
Wirdt krêftiger en waechst yn klearens oan—
Men wit net eft it widzjend weagebrûzjen
Nou lústert yn syn iivge tinzentoan;
Ef is it wol, det sêft it sulvren sûzjen
Rizend as sucht fen d’ ierde yn simmermoarn,
De sprake is fen de God, dy’t súntsjes wiket
Nei hwer’t in herne om ’t hearlik ljacht yet siket?
Lyk as de skimer weistjert for de strielen,
Sa wirdt den ek der wizen twivel wei.
Forsteanber wirde stadich wirdedielen,
En ringen klinkt de kleare tael, dy swei,
Sizzend hwet tsjoed wier yn der Friezen pielen
Wizend de wei nei wol-biljachte dei:
Forseti neamt it goede for de lânnen,
Seit, hwerom dylge waerden d’ eable stânnen.
De wizen skôgje yn ’t ljacht, wylst hy de wetten
Hjar tsjut en wiist de plichten fen hjar team.
Sa waerd dat nea fen ’t heitelân forgetten
Hwet ek útwiske waerd yn stounestream:
De fjilden dy’t oan wide wounen bletten
Bloeije op, as Maeitiids de kastanjebeam—
Foarby it ûnk, foarby it pynlik lijen,
Wei wirdt it, as de goaden net mear swije.
Ginstige winen den it boat wer liede
Nei hwer’t yet wachtet ’t lege en skiere lân,
Net wittend ho’t de golle goaden riede
Ta lok fen ’t hjar forearjend fiere strân;
Mei nou for skoftkes ek de sinne skiede,
Net triuwt ús Loki del mei swiere hân.—
De lânnen wachtsje wylst de wizen witte
Hwet machten fier de stoarmjende ûnken stjitte.
Dû den, Forseti, tank. Dû diest myn sangen
Rûzjen sa sêft as mylde maitiids-rein;
Minlik glimkest my ta, as ’t my wol bange
Waerd einge wer in romme ljeafdesein’,—
Dû wierst de frjeon, dêr’t faken ik nei lange,
Kaem fen in dei fen dildzjen einlings d’ ein:
Forseti, tank. Men earje heech Dyn namme
Salang yet libbet d’ âlde Friez’ne stamme!
RAERD, Now. 1914.